woensdag 22 maart 2017

De spin


De spin


In spin, op ûnferwachte mominten komme je se foarby yn 'e hûs.
En ja, sis no earlik.....der ha je se leaver net. No bin ik net hiel bang foar spinnen mar om no te sizzen dat ik se leuk fyn....no, nee.
Kom ik in spin foarby yn 'e hûs dan wurket it foar my it beste om hiel lûd te roppen:" Cathrinus!!, der sit in spin ", dan is it probleem samar oplost. Helaas....hy is der net altyd en dan moat je sels. No fyn ik der wol wat op, je wurde dér  fansels hiel handig yn...glezen, papierkes, stofsûger...alles kin..mar de spin sa pakke? ...echt net...
It ferhaal, och it is mar in spintsje, dy docht neat, giet foar my net mear op. Ús mem hat ús al sa faak fertelt oer har tante dy't net bang foar spinnen wie en se altyd sa pakte. 
Dat gie altyd goed. Oant dy iene kear dat sy sa'n grauwe swarte spin pakte en dizze spin bite fan him ôf....en dat hat sy witten...de hiele hân waard dik. Der hat sy goed lêst fan hân.
Sjoch,...eins kin je dat better ek net witte...want ja, soks bliuwt hingjen fansels....
Hoe kom ik hjir no op? Eins ek wer troch in ferhaal fan ús mem. Sy kin sa moai fertelle dat je it hielendal foar je sjoche en har spinneferhaal siet yn myn holle en moast der út.



Mem siet moai nei de telefyzje te sjen doe't har each op in spin foel. Dy siet op ' e muorre heech boppe it gerdyn. Der koe sy net by. Mar dizze grauwe swarte spin moast wol yn 'e gaten hâlden wurde fansels. 'Gelokkich': tocht se, moarn komme Anja en Pytsje. Ien fan dy froulju kin him wol even pakke.

De oare deis wie hy fansels fuort. Dat is sa ferfelend fan dy dingen dat se begjinne te kuieren. Mar gelokkich...hy waard wer spot yn de keuken. Hy hie in beste tippel makke mar hy wie wer yn it sicht. Doe't de froulju der wienen wie hy helaas wer fuort mar mem miende dat hy achter it skilderij siet en Anja wie sa stoer om dér foarsichtich achter te sjen. Sy seach neat....mar ynienen kamen der in pear poten te foarskyn...der wie hy.
No sjoch ik foar my hoe dy 3 froulju der stien ha....starend nei dy spin...betinkend hoe dy der wei te krijen. Pytsje hie betocht om de stofsûger te pakken mar foar as sy dizze pakt hie wie ús mem mei de swiffer yn de weer. Sy koe der sa wol by en sy fage de spin sa fan de muorre. Hy foel op 'e grûn en it plan wie om dan de foet der op te setten.
Tja...jim riede it al, diel ien fan it plan slagge perfect,.... diel twa dus net. 

Spin op 'e grûn....mar wer?....paniek!....wer is de spin? Sjoch...dat bedoel ik no....minder is der net...dat je net witte wer de spin is...foar itselde krûpt hy je sa by de broekspijp omheech. Sy ha alles ôfsocht... sels de kastjes fan it plak...mar nee...gjin spin. Dus...mar goed alles stofsûgje en dan mar hoopje dat je him te pakken ha.
No, nee dus....sy hienen him net. De oare deis siet hy wer moai op 'e muorre yn de keuken. Wol wer sa heech dat mem der net by koe. 

No hat mem it gelok dat  der moarns altyd ien komt fan de thússoarch. Kaam dat even moai út....Dizze dame sil hjir net bliid mei west ha doe't ús mem freege as sy dy spin ek even pakke koe. Sy hat fest yn dubio stien, dit sit net yn it takenpakket fan de thússoarch. Mar om te foarkommen dat frou Stielstra sels in trepke pakke soe gie sy dochs mar tot aksje oer.
It trepke waard helle en mei in gles, je moat al sjen as hy der echt wol yn sit fansels en in insteekhoes út de soarchmap, wer dat al net goed foar is, waard de spin fongen. Hy moast mar nei bûten sy ús mem, it binne hiele nuttige bistjes, dea meitsje... dat is ek skande....sy wie even fergetten dat sy de dei der foar sels de foet op de spin sette soe.

No mar hoopje dat de spin moai bûten omkuiert en dat hy net wer rechtsomkeert makke hat en werom kommen is yn 'e hûs. Want dan begjint it hiele ritueel wer op 'e nij.

Spinnen, inderdaad hiele nuttige bistjes....mar lit se dat nuttig wezen alsjeblieft bûten dwaan.....en net yn 'e hûs.
Afbeeldingsresultaat voor spin