vrijdag 14 juli 2017

De lêste út it nest

De lêste út it nest



De lêste út it nest.....
Maaie 2001, ik hear it Cathrinus noch sizzen:" sille wy in hûntsje ha?". " Ik wit fan in kollega dat der yn Hallum in nestje is mei stabijhûntsjes, sy ha noch ien oer".
Tja, in hûn!, wy hienen noch nea in hûn hân, "is dat wol wat foar ús?". 
No ja, sjen kin altyd.
Dus dér gie it hinne, de bern mei fansels. Yteke wie krekt 7 jier en Wietse wie 4.
En dan bliuwt it net by sjen fansels....dan bin je ferkocht. Dér siet hy, sa'n hiel lyts hûntsje, in hiel heech knuffelgehalte, om op te fretten, allegear fuort fereale....
Ik seach dy kopkes wol fan de bern, ...mei it mem? Dat it fan my ôf hingje soe wie wol dúdlik want Cathrinus wie der fuort al út. No earlik sein wie ek al om sa gau ik him seach..."wy nimme him mei".
En sa kaam Sil by ús te wenjen.

Omdat ik it measte thús wie, wie it al gau sa wér ik wie, wie Sil ek, myn grutte freon.
Cathrinus sei wol es:" as ik net wit wér ast do bist sjoch ik wér Sil is en dan bist do meast net fier fuort want hy rint dy alles achternei".
Altyd om ús hinne, hy wie gewoan graach by ús...oan it ferbouen...Sil rûn der tusken troch, mei de caravan op fakânsje....Sil wie der by. Ast foto's sjochst...witte faak stiet Sil der ek op. Ek as it net de bedoeling wie sjochst him wol ergens op 'e achtergrûn sitten of der is krekt in sturt, kop as poat yn bild.
En sa gean de jierren foarby....16 jier hat Sil part út makke fan ús gesin. Hy hearde der hielendal by. It lêste jier gie hy hurd achterút, oars woe hy altyd wol mei in blokje om en dér hie hy no net folle nocht mear oan. Mar ja, wat wol je ek as it rinnen net goed mear wol. Dan sliepe je leaver.
Nea soe hy syn behoefte yn e hûs dwaan, it lêste jier wie dat mear rigel dan útsûndering. Sa gie alles achterút en hy koe himsels ek net mear goed skjin hâlde.

Al skoften seinen wy miskien moat wy mar es nei de bistedokter, hearre wat sy der fan sizze. Mar dat skowe je foar je út. As it der dan toch fan komt dan wit je it sels eins ek wol....Sil is gewoan op, heech bejaard. En hoe swier it beslút ek...sa is it better.
Al syn broerkes en suskes binne der al net mear.
...en hy is wer de lêste út it nest

Geen opmerkingen:

Een reactie posten