vrijdag 25 augustus 2017

It skûtsje fan pake Sytze

Heit fertelde der wol oer.... oer syn pake Sytze dy't froeger mei syn skip turf ferfierde. Oer syn mem, myn beppe Aeltsje, dy't ek mei gie op it skip. En hoe hy letter sels, doe't hy sa'n jonkje wie, ek wol mei pake mei mocht.

Foar my wienen dat ferhalen fan froeger. Ik seach ris in âlde foto fan it skûtsje doe't it yn Marrum yn 'e feart lei. Pake Sytze stie der op en beppe Aeltsje as lyts famke. Ferhalen oer in tiid lang ferlyn. Sels de feart yn Marrum kin ik my net heuge. Op de âlde foto's sjochst dizze noch mar ik wit net oars as dat de feart ticht is en dat it in gersfjild is.




Mar doe kaam de brief út Ierlân.
Mem belle: " Ik ha in brief út Ierlân krigen, it is yn it Ingelsk dus ik wit net alhiel wêr it oer giet mar neffens my giet it oer pake Sytze syn skûtsje". Sy fertelde dat sy it yn de brief oer "de Verwisseling " hienen en sy wist fan ús heit dat pake Sytze syn skip sa hiet.
Ik wie fansels nijsgjirrich en nei dat ik de brief lezen hie noch mear.

De brief wie stjoert troch John en Winnie Eakins út Ierlân, sy hienen in skûtsje kocht yn 2011 en dat skûtsje hiet:" Avesol II " mar it wie yn 1909 op 'e werf yn Ljouwert bout en doe wie de namme " De Verwisseling". Dit wie it skip dat Jentsje Sytzes Zeemans en Sytze Jentsje Zeemans ( myn oerpake)  bouwe litte hienen.



It skip fan pake Sytze wêr ús heit it faak oer hie en wêr hy ek wol nei op syk west hie. Hy frege him ôf wêr it skip fan pake blean wie, wa it kocht hie. Hy koe der net achter komme. As it wer skûtsjesilen wie en de namme " De Verwisseling" kaam foarby dan hie hy wer hoop....soe dat miskien....mar nee. It slagge him net it te achterheljen. Doe't hy siik waard hâld it sykjen hielendal op en hy hat it nea witten want it is al wer trije jier lyn dat hy stoarn is.
En no samar wienen dizze minsken op syk nei ôfstammelingen fan Sytze Zeemans. Sy woenen hiel graach mei ús yn kontakt komme. Dit hie ús heit ek graach wollen.

Nei wat mails oer en wer kamen wy oerien dat wy elkoar moetsje soenen.
John en Winnie wienen meast mei it skûtsje yn Frankryk mar sy kamen no yn Nederlân. It doel wie Fryslân en dan soenen sy it hiel leuk fine as wy as famylje fan Sytze Zeemans op it skûtsje komme soenen. De ôfspraek waard makke, as sy yn Snits wienen dan soenen wy by se op it skûtsje sjen.



Ôfrûne sneon wie it safier, mei syn achten der hinne. Cathrinus, Yteke, ús mem en ik mar ek Alie en Dinie, susters fan ús heit, mei de man. Midden yn Snits, sa'n 100 meter fan de Wetterpoarte ôf, lei it skûtsje. John en Winnie stienen al op ús te wachtsjen.
Wat in waarm wolkom...wy koenen elkoar hielendal net mar wy fielden ús fuort op ús gemak. Flagjes wienen spesjaal ophongen en der waard in flesse sjampanje iepene om op dit bysûndere treffen te toasten.

De touwen los en in stikje farre en op in moaie plakje oanlizze,  om dêr mei elkoar te genietsje fan de lunch dy't sy foar ús klear hienen. John hie in protte fragen oer hoe it eartiids gie, oer oare ôfstammelingen fan Sytze Zeemans. Wat wisten Dinie en Alie noch fan pake Sytze en wat hienen ús mem en myn omkes meikrigen fan de ferhalen dy't ferteld binne. Omdat it Ingelsk fan mem en de omkes en muoikes net sa goed wie, wienen Cathrinus, Yteke en ik hieltyd oan it oersetten. Dêr troch bin ik sels no ek folle wizer wurden, de ferhalen kamen los.

Wat in bysûndere middei, troch in speech fan John krigen wy troch hoe bysûnder dit treffen foar John en Winnie wie, hy wie al in pear jier dwaande west om ôfstammelingen te finen en no wie it slagge, dêr wienen wy einliks.





Op stuit sels binne je der net iens sa bot my dwaande mar letter as je thús binne en der noch ris oer neitinke komt it besef dat it dochs wol hiel spesjaal is. Hûndert-en-acht jier ferlyn is it skûtsje bout yn Fryslân. Myn foarâlden ha op dit skûtsje omrûn. It hat in hiel skoft út Fryslân wei west en no is it wer werom. 
En ik moat oan ús heit tinke....wat soe hy dit moai fûn ha.
Sa spitich dat hy hjir net mear by wêze koe.



Ôfrûne tongersdei, 24 augustus, stie der sels in hiel artikel yn de Ljouwerter krante oer John en Winnie. It Ierse pear dat mei it skûtsje troch Fryslân faart. Dér yn fertelle sy ek dat sy ôfrûne wykein ôfstammelingen fan Sytze Zeemans op it skûtsje hân ha.




John en Winnie







De Wetterpoarte



1 opmerking:

  1. hallo Johanna van der Meij. Wat een leuke blog! Ik heb erover een berichtje op onze dorpswebsite marrumonline opgenomen met een link naar dit verhaal: http://marrumonline.nl/geschiedenis/snypsnaren/420-skutsje-zeemans-terug-in-friesland.
    Hopelijk vind je het goed dat ik een foto van je blog gebruikt heb.
    Op de website skutsjehistorie had ik al wel eens informatie over dit skûtsje gelezen.

    groeten,
    Titia Jippes-de Boer, lid webredactie marrumonline.nl

    BeantwoordenVerwijderen