zondag 31 juli 2016

Op 'e strún

Sneon mei Hillie in diel fan de Winkeltjesroute dien. Wy wienen op syk nei klean foar ús nije toanielstik "Ik wol gjin oare mem". In moaie oanlieding om tegearre efkes op stap te gean. Foar ús gjin autocross yn Blija as in besite oan 'e Boerendag yn Driezum - Wâlterswâld, nee wy gienen gesellich op 'e strún.

Ús earste stop wie by Foarinoar yn Blija, foar ús gefoel soenen wy dér de measte kans ha om wat te finen. Ik wit net as jim dér wol es west ha mar dér binne echt hiel folle klean. Hillie hat foar it typke wat sy spilet wat deegliks nedich en ek iets wat wat mear gewaagd is. Ferline jier dartele ik yn myn nachtjapontsje oer it toaniel, dit jier is Hillie degene dy't wat schaarser gekleed op 'e planken moat. Fan alles út de rekken helle, iets fan kant, panterprint, trochsichtich guod, mar it wie te lyts, te grut, te bleat, te koart, te.......No ja, gean sa mar troch it wie it allegear krekt net. Drok dwaande mei dizze"zoektocht" seach ik ienienen heal ferstoppe ûnder in kleanrek in pear opfallende skuon stean. En skuon en tassen dér falt myn each op. De skuon foar it ljocht helle, se wienen lila, mei strikjes yn allegear kleuren en hiele hege naaldhakken en hoe is it mogelik krekt myn maat. Tja, dan moat je passe.' Hillie!, moast es sjen wat ik hjir fyn.' 'Die binne fantastisch' sei se. 'Past krekt by it type datst no spylje moast, die moast meinimme.' 'Mar it binne wol hiele hege hakken, ik wit net as ik hjir wol mei it toaniel op moat' sei ik. 'Meinimme, komt altyd fan pas.' Tja en dan moat der fansels in bypassende outfit by socht wurde, dan gean wy los.

 

Der wie sa mar in oere om en omdat wy ek noch op oare plakken sjen woenen waard it tiid om de buit ôf te rekkenjen. Op nei "Sneupzolder de Terp" yn Hiaure. Nei inspectie fan de souder hienen wy sin oan kofje en der wie ek appelgebak..... mei slachrjemme. ' Jim sykje bûten mar in plakje' sei de eigenaresse. ' Net tefolle stress, jim moatte onthaaste.' Dat lieten wy ús gjin twa kear sizze der stienen twa hiele noflike relaxstoelen krekt om 'e hoeke fan de skuorre. Sitte en neat mear dwaan. Wy waarden op ús wenken bestjinne, in ierappelkistje waard ophelle sadat dat as tafel brûkt wurde koe en der sieten wy hearlik yn it sintsje. Doe't de hinnen yn 'e gaten krigen dat wy wat lekkers hienen wienen dy ek net by ús wei te slaan mar it appelgebak iten wy sels op ek al sieten se al by ús op 'e stoel. Nei in skoftsje relaxen toch wer fierder. Ek noch sjen by Ter-Sted en Ald & Nij Brocante. Doe thûs noch in bakje kofje en de middei wie om.




Hillie wie fuort en de bern kamen thús. Ik seach de eachen wol gean nei de skuon en klean dy't ik noch op 'e stoel lizze litten hie. Ik hearde se hast tinken, ' wat hat sy no wer kocht'. 'Dat is foar toaniel' sei ik. 'Dat witte wy wol' waard der sein, mar ik seach de opluchting, 'gelokkich, sy giet der net mei de dyk út.' Alles hie ik by elkoar socht mar noch net by elkoar oan hân. Dat moast noch en dan de foto op de app nei Hillie want sy wie ek benijd. Ien kear alles oan, seach ik oan de bern wol dat it freeslik fûn waard en dat fertelden sy my fansels ek. Ik moat earlik sizze it foel my ek wat tsjin, ik hie it dochs wat oars yn 'e holle. 

De foto op 'e app nei Hillie, ' ik bin der leau ik dochs net sa wei fan!' sei ik. ' Die skuon binne fantastisch.' wie it antwurd. No nei twa stappen witte je fuort werom at dizze skuon yn de kategory " sitskuon" falle. Net te dwaan, mei sokke hege hakken. Ik moast ienienen wer oan myn ferhaaltsje tinke dat ik in pear wike lyn op Facebook set hie, oer de klompen dy't ik kocht hie foar it iepenloftspul yn Mitselwier. Dat ik noch better op hege hakken rinne koe as op klompen. Ik leau ik kom werom op myn wurden. Op sokke hakken is hast net te rinnen. Ik ha se mar gau út dien, efkes gjin hakken en klompen mar hearlik myn slippers oan. Neffens Hillie kin ik de skuon wol oan ha,' yn it earste bedriuw sitst dochs in protte' sei sy. No, ik wit it noch net, noch mar efkes sjen as der noch wat oars te finen is.

Omdat wol blykt dat wy noch net alhiel slagge binne, foaral de gewaagde outfit foar Hillie is noch net fûn, sit der neat oars op om noch in rûntsje kringloopwinkels te dwaan. Wa wit komme wy ûnderweis wol wat foarby wer kofje mei appelgebak ferkocht wurdt...


3 opmerkingen:

  1. Leave Johanna, wat hast der in prachtich ferhaal fan makke! We ha in geweldich leuke middei hân..dogge we gau wer! En...kinst ek altyd noch skriuwster wurde...jeetje wat kinst de belevenissen leuk op papier sette!! Op nei de folgende strúnery! Xx

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Leave Johanna, wat hast der in prachtich ferhaal fan makke! We ha in geweldich leuke middei hân..dogge we gau wer! En...kinst ek altyd noch skriuwster wurde...jeetje wat kinst de belevenissen leuk op papier sette!! Op nei de folgende strúnery! Xx

    BeantwoordenVerwijderen