donderdag 14 januari 2016

Bliid

Bliid

En dan lêze je dizze tegelwijsheid: “ Met haken verbrand je 116 kcal per uur”, Tsja.. en lit ik no tafallich in hiele protte hake op ‘t stuit. Komt dat efkes moai út. 

Jou my in haak- of breiwurkje, noflik sitte yn e keamer, televyzje oan, in bakje kofje. Hearlik. Ja, dér wurd ik op ’t stuit hiel bliid fan. No wurd ik ek bliid fan in ein rinnen mei de hûn, behalve as it reint fansels dan bin ik net sa bliid.
Fuort mei it toaniel, mei in stel fijne minsken op in paad om ús stik foar it ljocht te bringen en in protte wille mei elkoar. Dér wurd ik ek bliid fan.

Wietse dy’t seit:” Ik ha hiel wat lekkers mei krigen fan de bakker fannemiddei” en ik kin jim wol fertelle dér wurde lekkere dingen makke op syn stageplak. Dat hy dan in doaske út de koelkast hellet mei petit fours yn allegear smaken. Sjoche jim it foar jim? En dan san hearlike petit four útsykje, en sizze:” ik mei noch wol ien” en sûnder je skuldich te fielen noch san kalorieënbom op ite. Der wurd je dochs bliid fan? No kin it fansels wat leie want ik haak de kalorieën der wol wer ôf.

Dan ha je natuerlik ek dingen wer je net sa bliid fan wurde. Sa as dat ús kat op it heden tinkt dat ús baaikeamer de  kattenbak is. Doe't ik dus nei de douche rûn en dér in briefke op de doar hong mei de tekst " poep fan poes yn de douche" doe wie ik net bliid. Op ien of oare manier wurd it altyd by my meldt at de hûn as de kat wat dien hat yn e hûs wat net heart. Mei oare wurden, kin mem dat oprûmje? Dus ik foarsichtich de doar iepen, wat foar ferrassing soe hjir no wer lizze... Earst seach ik neat, doe foel myn each op in briefke op e grûn. Poep stie der op mei in pylk wizend ûnder it kastje. Ja hjer...der lei in hoopke poep. No, in stikje wc-papier en it wie wer oprûme. Al die briefkes skriuwe wie folle mear wurk. Dér moat ik dan wol wer om laitsje ( bliid ).
Dat je net sliepe kinne en nachts oeren wekker lizze wylst neist je ien hearlik leit te sliepen... Net bliid. Mar dat je dan moarns gjin wekker hoeche setten....bliid.
Sa kin ik noch wol efkes trochgean mar ik moat wer hake want ik wol aanst wat lekkers by de kofje ha.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten