Sneon mei Hillie in diel fan de Winkeltjesroute dien. Wy wienen op syk nei
klean foar ús nije toanielstik "Ik wol gjin oare mem". In moaie oanlieding om tegearre efkes op stap te gean.
Foar ús gjin autocross yn Blija as in besite oan 'e Boerendag yn Driezum -
Wâlterswâld, nee wy gienen gesellich op 'e strún.
Ús earste stop wie by Foarinoar yn Blija,
foar ús gefoel soenen wy dér de measte kans ha om wat te finen. Ik wit net as
jim dér wol es west ha mar dér binne echt hiel folle klean. Hillie hat foar it typke wat sy spilet wat
deegliks nedich en ek iets wat wat mear gewaagd is. Ferline jier dartele ik yn
myn nachtjapontsje oer it toaniel, dit jier is Hillie degene dy't wat schaarser gekleed op 'e planken moat. Fan alles út de rekken helle, iets fan kant, panterprint, trochsichtich
guod, mar it wie te lyts, te grut, te bleat, te koart, te.......No ja, gean sa
mar troch it wie it allegear krekt net. Drok dwaande mei dizze"zoektocht" seach ik ienienen
heal ferstoppe ûnder in kleanrek in pear opfallende skuon stean. En skuon en
tassen dér falt myn each op. De skuon foar it ljocht helle, se wienen lila, mei strikjes
yn allegear kleuren en hiele hege naaldhakken en hoe is it mogelik krekt myn
maat. Tja, dan moat je passe.' Hillie!, moast es sjen wat ik hjir fyn.' 'Die
binne fantastisch' sei se. 'Past krekt by it type datst no spylje moast, die
moast meinimme.' 'Mar it binne wol hiele hege hakken, ik wit net as ik hjir wol
mei it toaniel op moat' sei ik. 'Meinimme, komt altyd fan pas.' Tja en dan moat
der fansels in bypassende outfit by socht wurde, dan gean wy los.
Der wie sa
mar in oere om en omdat wy ek noch op oare plakken sjen woenen waard it tiid om
de buit ôf te rekkenjen. Op nei "Sneupzolder de Terp" yn Hiaure. Nei inspectie
fan de souder hienen wy sin oan kofje en der wie ek appelgebak..... mei
slachrjemme. ' Jim sykje bûten mar in plakje' sei de eigenaresse. ' Net tefolle
stress, jim moatte onthaaste.' Dat lieten wy ús gjin twa kear sizze der stienen
twa hiele noflike relaxstoelen krekt om 'e hoeke fan de skuorre. Sitte en neat
mear dwaan. Wy waarden op ús wenken bestjinne, in ierappelkistje waard ophelle
sadat dat as tafel brûkt wurde koe en der sieten wy hearlik yn it sintsje. Doe't
de hinnen yn 'e gaten krigen dat wy wat lekkers hienen wienen dy ek net by ús
wei te slaan mar it appelgebak iten wy sels op ek al sieten se al by ús op 'e
stoel. Nei in skoftsje relaxen toch wer fierder. Ek noch sjen by Ter-Sted en Ald
& Nij Brocante. Doe thûs noch in bakje kofje en de middei wie om.
Hillie wie fuort en de bern kamen thús. Ik seach de eachen wol gean nei
de skuon en klean dy't ik noch op 'e stoel lizze litten hie. Ik hearde se hast tinken, ' wat
hat sy no wer kocht'. 'Dat is foar toaniel' sei ik. 'Dat witte wy wol' waard der sein, mar ik
seach de opluchting, 'gelokkich, sy giet der net mei de dyk út.' Alles hie ik by
elkoar socht mar noch net by elkoar oan hân. Dat moast noch en dan de foto op de
app nei Hillie want sy wie ek benijd. Ien kear alles oan, seach ik oan de bern
wol dat it freeslik fûn waard en dat fertelden sy my fansels ek. Ik moat earlik
sizze it foel my ek wat tsjin, ik hie it dochs wat oars yn 'e holle.
De foto op 'e app nei Hillie, ' ik bin der leau ik dochs net sa wei
fan!' sei ik. ' Die skuon binne fantastisch.' wie it antwurd. No nei twa
stappen witte je fuort werom at dizze skuon yn de kategory " sitskuon" falle.
Net te dwaan, mei sokke hege hakken. Ik moast ienienen wer oan myn ferhaaltsje tinke dat ik in pear wike lyn op Facebook set hie, oer de klompen dy't ik kocht
hie foar it iepenloftspul yn Mitselwier. Dat ik noch better op hege hakken rinne
koe as op klompen. Ik leau ik kom werom op myn wurden. Op sokke hakken is hast
net te rinnen. Ik ha se mar gau út dien, efkes gjin hakken en klompen mar
hearlik myn slippers oan. Neffens Hillie kin ik de skuon wol oan ha,' yn it
earste bedriuw sitst dochs in protte' sei sy. No, ik wit it noch net, noch mar efkes sjen as der noch wat oars te finen is.
Omdat wol blykt dat wy noch net
alhiel slagge binne, foaral de gewaagde outfit foar Hillie is noch net fûn, sit
der neat oars op om noch in rûntsje kringloopwinkels te dwaan. Wa wit komme wy
ûnderweis wol wat foarby wer kofje mei appelgebak ferkocht wurdt...
Leave Johanna, wat hast der in prachtich ferhaal fan makke! We ha in geweldich leuke middei hân..dogge we gau wer! En...kinst ek altyd noch skriuwster wurde...jeetje wat kinst de belevenissen leuk op papier sette!! Op nei de folgende strúnery! Xx
BeantwoordenVerwijderenLeave Johanna, wat hast der in prachtich ferhaal fan makke! We ha in geweldich leuke middei hân..dogge we gau wer! En...kinst ek altyd noch skriuwster wurde...jeetje wat kinst de belevenissen leuk op papier sette!! Op nei de folgende strúnery! Xx
BeantwoordenVerwijderenHy is wer leuk Johanna!
BeantwoordenVerwijderen